Tomke nei de dokter

Tomke moat aanst nei de dokter,
want syn kieltsje docht sa sear.
Hy hat grutte snottebellen
en hy kochelt hieltyd mear.
Romke blaft: ‘Ik bin ek siik, hear.
Ik moat ek nei dokter ta.’
Kornelia seit: ‘Nee, dat kin net.
Hy wol dêr gjin hûntsjes ha.’
Dokter sjocht yn Tomkes kieltsje
en hy seit: ‘Sis mar ris: Aa.’
Dokter fielt syn hals en nekke.
Dan moat er de trui út ha.
Dokter harket, Tomke suchtet
en hy is hartstikke stoer.
Dokter seit: ‘Do krijst in drankje,
dan is ’t kocheljen gau oer.’
Thús leit Tomke yn ’e keamer
op de bank, mei ’t dekbêd oer.
Romke leit mei tichte eachjes,
boas en brimstich yn syn koer.
Kornelia jout Tomke ’t drankje
en lêst him ferhaaltsjes foar.
Dan slûpt Romke op syn poatsjes
mûsstil troch de keukendoar.
Stikem giet er nei de koelkast,
pakt de mayonêzepot,
smart in klodder op syn snútsje.
‘Sa’, seit er: ‘No ha ’k ek snot.’
Mei syn mayonêzesnútsje
draaft er nei de keamer ta.
Hy blaft: ‘Ik bin sa ferkâlden.
Mei ik ek in drankje ha?’
‘Romke, leave lytse stumper,
kom gau!’ ropt Kornelia.
‘Do bist wier hiel bot ferkâlden,
do moatst ek in drankje ha!’
Dan rûkt se de mayonêze.
‘Dikke doerak!’ ropt se út.
Wylst se allegearre laitsje,
faget se ’t gau fan syn snút.
‘Romke’, seit se, ‘do krijst ek wat.
Nee, gjin drankje, bist net wiis.’
Dan is Romke ek wer fleurich,
want se krije hearlik iis!
Foarige
Folgjende

Mear Fryske boekjes foar pjutten?

Op de websjop fan de Afûk fynsto in oersjoch fan alle Fryske boekjes dy't geskikt binne foar 0-4 jier.
Nei de Afûk websjop