Tomke nei de kapper

Tomke giet hjoed nei de kapper
want syn hier is fierste lang.
Kapper Knip dy sil it knippe.
Tomke seit: 'Ik bin net bang'.
Romke wol ek nei de kapper.
'Nee, hear,' seit Kornelia.
'Do moatst yn dyn kuorke bliuwe.
Meist net nei de kapper ta.'
Tingeling, sa sjongt it beltsje
Tomke tinkt: no is 't safier!
'Gean mar sitten,' seit de kapper.
'Kom mar mei dat prúkje hier.'
Tomke klimt gau yn 'e auto.
Hark, de klakson seit tút... tút.
'No stil sitte,' siet de kapper.
'Want ik kjim dyn hierkes út.
Trije hierkes hat ús Tomke
boppe op syn lytse kop.
Knip, knip, knip, sa knipt de skjirre.
Kapper, hâldsto aanst wol op?
Romke bliuwt net yn syn kuorke,
slûpt hiel stikem troch de doar.
Snuf, snuf, snuf, sa docht syn snútsje
Ja, dêr rûkt hy Tomkes spoar.
Trippetrip sa gean syn poatsjes
oer de glêde winkelflier.
Knip de Kapper sjocht gjin hûntsje,
smart krekt gel yn Tomke hier.
Tomke seit: 'Mei in in kleurke?
Mei ik grien? Want dat is cool!'
Psss, psss, psss, docht Knip syn spuitbus.
't Wurdt ien griene tizeboel.
Romke ropt: 'Ik wol ek sa'n sturtsje!'
Springt by Kapper Knip omheech.
Kapper Knip skrikt sà fan 't hûntsje,
spuitet pssss.. de spuitbus leech!
Pats, dêr spat de griene ferve
op Kornelia har snút,
op har earen en har holle.
Tomke ropt: 'Wat sjochst der út!'
Thús moat Romke wer yn 't kuorke.
En Kornelia stapt sa
yn it lekkere waarme wetter,
sa'n griene toet... wol sy net ha!
Foarige
Folgjende

Mear Fryske boekjes foar pjutten?

Op de websjop fan de Afûk fynsto in oersjoch fan alle Fryske boekjes dy't geskikt binne foar 0-4 jier.
Nei de Afûk websjop