Meartalich opgroeie

Foar it stimulearjen fan it Frysk is it fan grut belang dat in bern sjocht dat Frysk en Nederlânsk lykweardich binne. It Nederlânsk krije bern yn Fryslân op in soad ferskillende wizen oanbean. Tink mar oan de telefyzje, it ynternet en berneboeken: dêr hawwe bern alle dagen mei te krijen en dat giet faak yn it Nederlânsk. Om it Frysk in lykweardige stimulâns te jaan, is it wichtich dat der yn de omjouwing fan de bern safolle mooglik Frysk praat wurdt. Op dy wize is de kâns it grutst dat de bern it Frysk ek as memmetaal sjen en brûke sille.

De taalûntwikkeling fan jonge bern giet eins fansels, salang as it brûken fan de memmetaal mar aktyf stimulearre wurdt. Dat kinst dwaan troch in soad foar te lêzen, ferskes te sjongen, spultsjes te dwaan en te praten mei dyn bern. Mear witte oer de (meartalige) taalûntwikkeling by bern? Op heitenmem.nl fynst alle ynformaasje.

Nei heit & mem

Folder ‘Talen kleuren je leven’