Doch mear mei Tomke

Mear ynformaasje oer de Doch-mear-mei-Tomkemap, ekstra te bestellen materialen en de link nei de ferskes by de tema's fan de Doch-mear-mei-Tomkemap.

Doch mear mei Tomke

De Doch-mear-mei-Tomkemap is foar pjutteboartersplakken en bernesintra en bestiet út 12 temaboekjes, praatplaten by de tema’s, deiritmekaarten, in útfanhûzerstas en fansels in hantlieding. Wa’t de map bestelt, kin dy fergees ophelje by de Afûk boek- en kadowinkel. De map kin ek opstjoerd wurde, dan binne de kosten € 10,- it pakket. De 3e printinge fan de map kin no besteld wurde!

Neist de materialen dy't yn it basispakket sitte, kinne ûndersteande produkten der noch by besteld wurde. Yn de Afûk websjop is noch mear te finen. Jou by de bestelling oan om hokker lokaasje it giet, wat it adres is, oft it opstjoerd wurde moat en oft jim der noch ekstra materiaal by bestelle wolle. 

Mear witte of bestelle

Tomke knuffel grut (40 sm) - €19,95

Rigeboekje Tomke útfanhûs - €6,50

Tomkes foarlêsfeest - €12,95

Tomke hânpop - €9,95

Kornelia hânpop - €14,95

Romke hânpop - €14,95

Yana Yu hânpop € 14,95

Alle hânpoppen - €50

Praatsjemakkers - €0,-