
Tomke belibbet mei syn hûntsje Romke, it buorfamke Yana Yu en Kornelia de Kangeroe aventoeren dy’t ticht by it deistich libben fan pjutten steane.
It is him net oan te sjen, mar Tomke bestiet dit jier 25 jier. Wa’t jierdei is traktearret en dêrom is juny Tomke-feestmoanne! Der ferskine alderhande feestlike nije produkten fan Tomke en boppedat organisearje wy in tal feestlike aktiviteiten om it mantsje hinne. As kers op de taart stiet der yn juny foar alle pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen in Tomke-feestkofferke klear!
Yn nûmer 24 fan it Tomke temaboekje steane wer in protte ferhaaltsjes, ferskes, puzels en noch folle mear...
Tomke wol de (Fryske) taalûntwikkeling fan pjutten op in boartlike wize stimulearje. Wolsto thús mei dyn pjut ek mei Tomke oan ’e slach? Dat kin hiel maklik mei de Tomke-materialen: ferhaaltsjes, filmkes, ferskes, nifelwurkjes ... allegear hjir te finen!
Wolsto as professional mei Tomke wurkje? Yn de Tomketeek fynsto allerhanne materialen om yn dyn groep mei it Frysk oan ’e slach te gean.