Alle produkten en aktiviteiten fan it Tomke-projekt hawwe as doel te soargjen foar in rike meartalige omjouwing, om sa de taalûntwikkeling en lêswille fan bern te stimulearjen.
Fan 9 o/m 27 septimber binne it wer de ‘Lês-mar-foar-wiken’! Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen út it nije Tomke-boekje. Nei it foarlêzen krije alle pjutten it boekje mei nei hûs. Alle pjutte-opfanglokaasjes en bernesintra krije automatysk de boekjes besoarge foar it tal pjutten dat dêr ynskreaun stiet. Hjirûnder fynst de ferspriedingslist, wizigingen graach trochstjoere oan ynfo@tomke.frl.
Ferspriedingslist
Fan 24 jannewaris o/m 3 febrewaris binne it de 'Nationale Voorleesdagen'. Yn dy perioade is der ekstra omtinken foar it foarlêzen oan bern fan 0 o/m 6 jier. Yn de biblioteken leit der yn dizze perioade foar alle pjutten in fergees Tomke-boekje klear fan Reina&Greetje. Gau nei de byb dus!
Mei de Nationale Voorleesdagen stiet alle jierren in printeboek sintraal, dit jier is dat 'Help! Een verrassing!' fan Miram Bos. Spesjaal foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen is by dat boek in lesbrief makke, mei dêryn in Fryske oersetting fan dat boek. Yn de lesbrief steane fierder aardige suggestjes foar aktiviteiten om it printeboek hinne. Hjirûnder kinst de lesbrief fan dit jier downloade.
Mei de ‘Nationale Voorleesdagen’ yn jannewaris leit yn de biblioteken foar alle pjutten in fergees Tomke-boekje klear om op te heljen. It hiele jier troch kinne âlders en opfieders by de biblioteek terjochte foar ynformaasje oer meartalich grutbringen. Bern oant 18 jier kinne fergees lid wurde fan de biblioteek. Ek binne der yn de biblioteek geregeld foarstellingen te besjen. Sjoch op de webside fan jim biblioteek foar mear ynformaasje.
Belibje de aventoeren fan Tomke mei foarlêsboeken, rigeboekjes, knuffels en mear Tomke-guod, online te bestellen yn de Afûk websjop!
Alle jierren bringt it Tomke-projekt in fergees Tomke-boekje út yn in oplage fan sa’n 30.000 eksimplaren. Yn dat boekje steane Tomke-ferhalen, opsisferskes, ferskes en spultsjes oer it tema fan dat jier (bygelyks ‘feest’ of ‘natuer’). De boekjes wurde ein augustus útdield op alle pjutteboartersplakken en berne-opfangsintra yn Fryslân. De boekjes binne fan dan ôf ek te krijen by de konsultaasjeburo’s en biblioteken yn Fryslân. It Tomke-boekje ferskynt ek yn it Stellingwerfsk.
Op de spesjale Tomke-app kinst ferhaaltsjes lêze, ferskes belústerje, filmkes sjen en spultsjes dwaan! De Tomke-app is fergees en beskikber foar tablets en smartphones mei iOS en Android.
Alle jierren wurde der troch Omrop Fryslân achttjin nije telefyzje-aventoeren fan Tomke útstjoerd oer it tema fan dat jier. Yn de rest fan it jier wurde alle dagen werhellingen fan de Tomke-ôfleveringen útstjoerd yn it programma Tsjil.
De hiele dei nei Tomke lústerje, wa wol dat no net? Tomke hat syn eigen radiostjoerder by Omrop Fryslân! De hiele dei binne dêr ferskes en ferhaaltsjes te hearren.